Seeboaiem yn kaart brocht: resultaten ynset ûnderhannelingen mei reder MSC

19 sep 2019 - 17:37

De speurtocht nei kontenerôffal yn de Noardsee kin ek archeologyske fynsten opsmite. Mar it is mar de fraach oft dy gegevens ea boppe wetter komme. Ek de gegevens oer wêr wat op de seeboaiem boppe de Waadeilannen leit, binne ynset fan de ûnderhannelingen tusken Rykswettersteat, de eilângemeenten en reder MSC, jout Edwin de Feijter fan Rykswettersteat oan.

In auto fan MSC Zoe út de see - Foto: ANP

Yn opdracht fan de reder is de seeboaiem yngreven yn kaart brocht om ôffal te finen fan de 342 konteners dy't begjin dit jier boppe de Waadeilannen yn see bedarren fan de MSC Zoe ôf. Rykswettersteat kontrolearret oft alles echt goed opromme wurdt troch eigen ûndersyk mei bygelyks harren skip de Arca.

De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed jout oan dat sy wol belang hawwe by dizze saneamde 'dataset' omdat der mooglik ek archeologysk ynteressante fynsten op stean kinne.

Gegevens oer boaiem

Oer it gebrûk en it trochjaan fan dit soarte gegevens oer de seeboaiem is ek in konvenant sluten mei Rykswettersteat. Mar yn dit gefal leit dat oars want alle data dy't no boppe wetter komme, binne juridysk eigendom fan reder MSC om't sy foar alles betelje.

Oer wa't dizze gegevens noch mear ynsjen mei, wurdt noch praat en neffens De Feijter is der ek noch gjin eindatum yn sicht foar de ûnderhannelingen mei de reder.

Dat jildt ek foar it beteljen fan de skeafergoeding oan bygelyks de eilângemeenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)