AFA Fryslân yn Enschede yn aksje tsjin ekstreemrjochtse demonstraasje

19 sep 2019 - 17:34

De Antifascistische Actie Fryslân sil ein oktober yn Enschede demonstrearje tsjin rasisme en fassisme. Oanlieding is in demonstraasje fan de ekstreemrjochtse beweging 'Rechts in verzet' tsjin in nij te bouwen moskee yn de stêd.

AFAF by in eardere demonstraasje - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Rechts in Verzet wol in mars troch Enschede dwaan. Dat woene se earder dizze moanne al dwaan, mar doe kamen se der mei de gemeente net út oer de rûte. No binne se it yn oktober fan doel.

De AFA Fryslân is ûnderdiel fan it ynternasjonale antyfassistysk netwurk. Se organisearje sels demonstraasjes en aksjes tsjin diskriminaasje, rasisme en fassisme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)