Maeykehiem yn Sint-Nyk bestiet 50 jier en lit winsken útkomme

19 sep 2019 - 17:31

Maeykehiem yn Sint-Nyk bestiet 50 jier. De soarchynstelling is oprjochte yn 1969 troch âlden fan minsken mei in beheining. It stik lân dêr't it haadgebou op stiet, waard doedestiids foar mar 1 gûne kocht fan de eigener-buorman: jonkhear Van Eysinga. Maeykehiem begûn ea mei 4 kliïnten, mar hjoed-de-dei binne dat der al goed 160. In grut part wennet by Maeykehiem, oaren meitsje gebrûk fan de begelieding of deibesteging. Fanwege it jubileum is it de hiele wike feest yn Sint-Nyk. En it waard dit jier ek fierd mei in spesjale winskbeam.

Woansdei is de feestwike iepene, dy't benammen foar de minsken op Maeykehiem is. Bestjoerder Trijn van der Meulen leit út dat der yn dy 50 jier in soad bard is. "Ek de jierren dêrfoar al. Eins seis jier fan tefoaren wiene der al minsken dwaande om Maeykehiem hjir te krijen. Dêr hat in soad moed foar nedich west," seit sy.

Skouders derûnder

Ek yn de tiid dêrnei wie der folle te rêden. "As lytse organisaasje krijst in soad foar de kiezzen, benammen as it om regeljouwing giet. In jier as fiif lyn is bygelyks de 'Wet Langdurige Zorg' der kaam, dat wie in tige drege perioade. Mar aldergeloks binne der altyd minsken west dy't de skouders derûnder setten hawwe."

Dêrom: no feest. "Wol fiif dagen lang. Twa kliïnten fan ús wiene as kening en keninginne op besite, en der is ek sirkus en in drokke feesttinte." Ek komme De Kast en Elke DeWall optreden, is der in shantykoar, workhops en spultsjes.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by Maeykehiem yn Sint-Nyk

Grutte en lytse winsken

Dochs is der ien spesjaal barren foar de minsken by Maeykehiem. "Yn jannewaris is it idee betocht fan in winskbeam," leit Van der Meulen út. "Dêr koe eltse kliïnt in winsk yn hingje. En fan ein maart ôf binne wy úteinset om dy winsken útkomme te litten, mei stipe fan fûnsen, stichtingen, sponsoaren en ûndernimmers út de omjouwing dy't om 'e nocht meidwaan woene."

Der binne grutte, mar ek lytse winsken by. Ien kliïnt woe bygelyks graach ris kabeljau ite, wylst in oar graach in meet-and-greet mei De Kast woe. "Wy hawwe al sokke moaie mominten meimakke. Soms wie it mar hiel lyts, mar it kin sá moai wêze," fertelt Van der Meulen.

Kliïnten Hester en Anne Jet mei mem Rieneke de Haan oer it jubileum

(advertinsje)
(advertinsje)