FIDEO: duorsum Garyp profitearret fan subsydzje om ierdgasfrij te wurden

19 sep 2019 - 16:18

Garyp makket diel út fan de groep fan 27 wiken en doarpen dy't meidocht oan it projekt 'Proeftuin Aardgasvrije Wijken.' Dit is in inisjatyf fan it ministearje fan Ynlânske Saken en provinsje Frylân hat der in subsydzje fan 250.000 euro oan jûn. Garyp profitearret dêr goed fan. It duorsume doarp hat al in sinnepark en tegearre mei de enerzjykoöperaasje Garyp moatte de wenningen yn it doarp ierdgasfrij wurde. De koöperaasje jout oan dat der al 260 oanmeldingen foar in scan binne en dat oan 'e ein fan dit jier al 20 hûzen fan it gas ôf binne. Ien fan de dielnimmers is de famylje Albada, ferline wike is it gas by harren ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)