Starumer skipswrak fan om it jier 1700 hinne 'past net yn syn tiid'

It docht bliken dat it skipswrak dat yn De Iselmar krekt bûten Starum leit, net hielendal yn syn tiid past. It skip moat boud wêze yn de lette 17e of iere 18e iuw. Der binne ferskate fynsten dien dy't dêr op wize, lykas tinnen leppels, pipekoppen en in sekstant (in navigaasje-ynstrumint). De hûd fan it skip bestiet lykwols út trije lagen planken. "Dit wie yn de 16e iuw tige gebrûklik, mar yn de 18e iuw eins net mear," jout archeolooch Yvonne Boonstra fan gemeente Súdwest-Fryslân oan. Yn augustus die de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed in grut ûnderwetterûndersyk nei it wrak fan de saneamde 'Stavoren 18.'
© RCE, Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed
De trijefâldige laach planken is dus ûngewoan foar de tiid dêr't it wrak út komt. Boonstra hat wol ferskate mooglike ferklearringen. It kin wêze dat de ekstra laach der op sit om de libbensdoer grutter te meitsjen as it oantaast wie troch pealwjirm. Ek kin it wêze dat it skip langer en steviger makke is en ynset waard foar militêre doelen.
De dikkere romp hat lykwols net foarkomme kinnen dat it skip fergie. Fan it skip is inkeld de ûnderkant, it 'flak', bewarre bleaun. Dat is 25 meter lang en sa'n 4-5 meter breed.

Flinke útdaging

It ûnderwetterûndersyk wie op himsels noch in flinke útdaging, om't it sicht troebel wie en it waar net altyd meisiet. By it ûndersyk wiene studinten ûnderwetter-archeology belutsen. "It is in prachtkâns om mear te learen oer âlde skipsbou, seefeart en hannel yn dizze regio," seit Boonstra. De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed woe benammen foarûnderstellingen toetse.
Archeolooch Yvonne Boonstra fan gemeente Súdwest-Fryslân
De sektant dy't fûn is by it wrak yn De Iselmar © RCE, Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed