Binne Silke en Maha de nije Fryske topmodellen?

19 sep 2019 - 15:53

It telefyzjeprogramma Hollands Next Top Model is wer úteinset. En dit jier dogge der ek twa Fryske famkes mei. Maha Eljak (19) út Snits en Silke Otten (22) fan Rottum. Wurde sy de opfolgers fan Doutzen Kroes of Akke Marije Marinus?

Maha Eljak (19) en Silke Otten (22) dogge mei oan Hollands Next Top Model - Foto: Omrop Fryslân, Marjelle Boorsma

Yn De middei fan Fryslân wiene beide modellen te gast en fertelden se wiidweidich oer har ûnderfiningen yn it modellehûs fan Hollands Next Top Model.

Silke hearde as earste dat se by de lêste 20 kandidaten siet. "Er was een grote castingdag en dan is het met honderd man wachten. En ik had het geluk dat ik als eerste hoorde dat ik bij de laatste twintig aan mocht sluiten, dus dat was wel supervet!"

Primeur

Wat it ekstra bysûnder makket foar Maha, is dat sy it earste model ea yn Hollands Next Top Model is mei in holdoek. "Ik vind het ook supertof. Er zijn zoveel moslimmeiden die ook gewoon heel blij zijn dat ze nu gerepresenteerd worden. Die reacties zijn ook supertof", sa seit Maha. Mar se sjocht harsels noch net as in rolmodel. Silke moat dêr wol om laitsje: "Ik denk dat daar die Friese nuchterheid ook wel weer is."

Swierder as ferwachte

Alle ôfleveringen binne al opnaam, mar de froulju kinne noch neat sizze oer hoe't it ôfrint foar harren. "Maar dat wil je ook niet weten toch, want dat haalt de spanning er ook weer af", fynt Silke. Beide dames fûnen de opnameperioade wol swierder as ferwachte. Ek om't se gjin telefoan by harren hawwe mochten om kontakt op te nimmen mei freonen en famylje.

Wat is harren oant no ta brocht hat? "Ik denk sowieso toffe vrienden", fynt Maha. Silke follet dat oan: "Je maakt echt iets mee samen, wat je alleen met elkaar kunt bespreken. Je eigen omgeving weet niet hoe het is geweest. En je komt jezelf ook tegen." Maha hat foaral ek in soad oer harsels leard. "Je leert meer over jezelf, ik heb nog nooit zoveel zitten nadenken."

Maha en Silke binne te folgjen yn it programma Hollands Next Top Model. It programma wurdt moandeis útstjoerd om 20:30 op RTL 5 en is ek te besjen fia Videoland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)