Flaggen healstôk by rjochtbanken en advokatekantoaren

Yn it hiele lân hingje tongersdei de flaggen healstôk by rjochtbanken, gerjochtshôven en advokatekantoaren foar de likwidearre advokaat Derk Wiersum. Under oare de rjochtbank en it gerjochtshôf yn Ljouwert hawwe de flagge healstôk, krekt as op it kantoarpân fan Anker & Anker.
Flaggen healstôk
It healstôk hingjen fan de flagge wie in oprop fan de Nederlandse Orde van Advocaten. Ek by de ministearjes fan Justysje en Feilichheid en Ynlânske Saken hinget de flagge healstôk.
"Deze gebeurtenis is naast een persoonlijk drama ook een ernstige bedreiging van onze rechtsstaat. Het is van groot belang dat advocaten, officieren en rechters hun werk in alle vrijheid en veiligheid kunnen doen", ferklearret de Raad voor de Rechtspraak de roustân fan de flaggen.
Advokaat Wiersum stie Nabil B. by yn de grutte likwidaasjesaak om haadfertochte Ridouan Taghi hinne dy't noch hieltyd socht wurdt. Neffens advokaat Tjalling van der Goot fan Anker & Anker is dit 'de limyt'. "Wy hawwe doedestiids yn de sedesaak-Robert M. in soad bedrigingen en haatmails krigen. Mar wat der no bard is, giet in grins oer."

Noch gjin maatregels

De plysje nimt noch gjin ekstra maatregels yn de befeiliging fan advokaten. Se wachtsje ôf wat de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid docht.