Blau-alch oantroffen yn swimwetter Aldegeaster Brekken

19 sep 2019 - 14:49

De provinsje Fryslân hat in negatyf swimadvys ôfjûn foar de swimlokaasje Aldegeaster Brekken yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dit is dien yn ferbân mei de oanwêzigens fan blau-alch.

Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch - Foto: Omrop Fryslân Oane Hoekstra

By de wetterplasse wurdt de warskôging troch middel fan buorden oan de potinsjele swimmers kenber makke. It kommend wykein wurdt waarmer waar ferwachte, en minsken moatte der dus rekken mei hâlde dat der dan net swommen wurde kin by de Aldegeaster Brekken.

Wetterskip Fryslân kaam de blau-alch tsjin by in kontrôle dy't se rûnom yn de provinsje dogge. Aktuele ynformaasje oer de kwaliteit fan swimwetter is te finen op in spesjale webside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)