Skiednis rêdingboat Brandaris beskreaun yn boek Jan Heuff

19 sep 2019 - 14:28

De rêdingboat Brandaris is neamd nei de fjoertoer op Skylge en hat hûnderten minsken it libben rêden. De boat hat in lange skiednis op see en dy is no beskreaun troch de Skylger skriuwer Jan Heuff. "De Brandaris is zo lang beeldbepalend geweest voor Terschelling. Een boot met een indrukwekkende historie", seit hy. It boek mei 400 yllustraasjes wurdt freed op Skylge presintearre.

Boek oer rêdingboat Brandaris

De earste Brandaris kaam yn 1910 yn de feart. Mei skipper Jan Cupido waarden 230 minsken op see rêden, mar yn 1921 gie it mis, "De Brandaris vaart uit naar de Duitse driemastschoener bij de Eierlandse Gronden, maar vergaat met de vierkoppige bemanning. Drie opvarenden en het wrak zijn nooit teruggevonden", fertelt Heuff. Der wurdt in nije Brandaris boud en dy wurdt yn 1923 yn tsjinst nommen. Dizze boat rêdt oant 1966 minsken yn need op see.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn de oarlochsjierren fart de Brandaris 33 kear út en hellet 43 minsken nei de wâl. As hiel Nederlân de befrijing fiert op 5 maaie 1945, is Skylge noch beset gebiet. Op 9 maaie bringt de rêdingboat in pasjint nei de fêste wâl. Heuff: "Terschelling is dan al weken geïsoleerd, want de veerboten mogen van de bezetter niet varen. Ondercommandant Zaadnoordijk van de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten vaart mee om de geallieerden te bewegen Terschelling te bevrijden en de duizend nog aanwezige Duitsers te ontwapenen."

It spesjale dokumint dat de kommandant oan board fan de Brandaris opstelt, is noch hieltyd te sjen yn museum 't Behouden Huys op Skylge.

De wichtichste rêding fynt plak op 1 maart 1949. Der stiet in swiere stoarm en it Poalske frachtskip Katowice komt yn de problemen. De Brandaris mei skipper Douwe Tot komt yn aksje en rêdt de 26 opfarrenden. Tot krijt in grutte, gouden medalje. Daliks nei de rêdingsaksje seit hy oan elkenien dy't it witte wol: "Der stie in allemachtige branding." De Brandaris hâldt der yn 1966 nei 363 tsjinsten mei op. Der binne dan 519 minsken rêden.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn 2011 naam de Stichting Museum Reddingboot Terschelling de Brandaris oer foar it symboalyske bedrach fan 1 euro. De boat seach der min út, en der waard jild ynsammele foar restauraasje.

Sûnt 2014 fart de Brandaris wer. "Dankzij de inzet van een mooie club vrijwilligers wordt de Brandaris nu vertroeteld en maakt regelmatig tochtjes met betalende passagiers langs de zeehonden. Daarmee kan het onderhoud worden betaald", fertelt Heuff. Sa hat Skylge ien fan syn ikoanen werom.

Skylger skriuwer Jan Heuff oer de rêdingboat Brandaris

(Advertinsje)
(Advertinsje)