Aktivisten krije gjin fergunning op Skiermûntseach

19 sep 2019 - 14:02

De gemeente Skiermûntseach jout gjin fergunning oan de organisaasje VeggieSquad om in hûn en in knyn trije dagen lang yn in koer op grutte hichte yn in peal te hingjen. Neffens de gemeente soe it in gefaar wêze foar de feiligens op it eilân.

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

De yntsjinner fan de fergunningsoanfraach, Anne Hogerheijde, hat beswier oantekene by de gemeente. Neffens Hogerheijde hie de oanfraach twa doelen: sjen oft de gemeente oare kritearia brûke soe as it om in hoanne (lykas by it Kallemooi) gie of om in hûn. Dêrnjonken woe de VeggieSquad minsken op it eilân in spegel foarhâlde. It wie de bedoeling om in nephûn en nepknyn yn de koer te dwaan, om dan te sjen wat de minsken derfan fine soene.

Hogerheijde is fernuvere oer it beslút fan de gemeente. "Ik snap niet waarom een haan opsluiten in een mand en die drie dagen lang in een mast laten hangen niet aanstootgevend zou zijn en een hond en een konijn wel?"

Anne Hogerheijde fan de aksjegroep VeggieSquad

(Advertinsje)
(Advertinsje)