Ljouwert wol ferbod op gniisgas yn hoareka

De gemeente Ljouwert wol it brûken fan gniisgas yn de hoareka ferbiede. Dêrta hat de gemeenteried woansdei in moasje oannaam.
Ljouwert wol ferbod op lachgas yn kafee
De mearderheid fan de ried wol de ferkeap fan gniisgas yn de hoareka en op strjitte net langer tastean. Argumint foar it ferbod is ûnder mear it tanimmend tal ûngelokken yn it ferkear ûnder ynfloed fan gniisgas. Dêrnjonken binne der soargen om de sûnensrisiko's en is der skea oan it miljeu. De gemeenteried wol besjen wat se sels dwaan kinne om it gniisgas fan strjitte te heljen.

Studinten binne foar

Studinten fan de NHL/Stenden yn Ljouwert fine it oer it generaal in goeie saak dat der in ferbod komt op gniisgas. Ek al hawwe se it sels wol brûkt. De sûnensrisiko's binne foar harren it wichtichste argumint. Wol sette se fraachtekens by it hânhavenjen fan it ferbod. Dat liket se dreech te dwaan, salang't gniisgas ûnder de Warenwet falt. Allinnich as gniisgas as medisyn te boek stiet, kin it ferbean wurde. Mar de hoarekafariant fan gniisgas falt dêr dus net ûnder.