Saharawyn wurdt skriezen faak fataal op wei nei Fryslân

19 sep 2019 - 10:15

In soad skriezen oerlibje de weromreis fan Afrika nei ús provinsje ta net. De wyn boppe de Sahara wurdt de fûgels faak fataal, sa hat ûndersiker Jelle Loonstra fan de Ryksuniversiteit Grins ûntdutsen. Hy docht promoasjeûndersyk nei de skries, ûnder professor Theunis Piersma.

Dat de fûgeltrek deadlik wêze kin, is al langer bekend, mar it is suver in wrâldprimeur dat der sa dúdlik in oarsaak foar fûn wurdt yn it waarpatroan boppe in gebiet. Dat is dien troch de fûgels in stjoerderke mei te jaan, wêrtroch't sy goed te folgjen binne.

De ûndersikers ha 53 skriezen folge, dy't yn totaal 132 kear besocht ha om de Sahara oer te stekken. De passaatwinen boppe de woestyn, dy't hast altyd út it noardwesten blaze, soargje derfoar dat de fûgels yn 'e wyn op moatte. "Wat we weten, is dat ze op dat stukje de pijp uitgaan, dat we ze kwijtraken", seit Loonstra. "En we kunnen heel sterk laten zien, dat dat heel erg correleert met de windomstandigheden die ze ervaren tijdens dat moment van de trek."

Skries yn in blomrike greide - Foto: Remco de Vries

Skriezen lûke in soad mei elkoar op, je soene dêrom ferwachtsje dat sy wol leare om mei dit waarfenomeen om te gean. Loonstra: "Dat is inderdaad het hele nieuwsgierige hier aan. Waarom zijn die vogels er niet op aangepast, dat dit gebeurt. Ze zouden extra reserves mee kunnen nemen door zich extra vol te vreten in Afrika of ze zouden een stop kunnen maken."

Yn de Sahara is dat lykwols in probleem, omdat der net folle te iten en te drinken is. "Maar ze zouden ook hun vertrekmoment anders kunnen timen", seit Loonstra. It is ûndúdlik wêrom't de fûgels der net fan leare. De kâns bestiet dat de stjerte ûnder de trekfûgels yn de takomst grutter wurdt, want troch de klimaatferoaringen wurdt it waar earder rûger as rêstiger.

Undersiker Jelle Loonstra oer de fûgeltrek fan de skriezen

(advertinsje)
(advertinsje)