Boargemaster Buma slút drugswenning Ljouwert

19 sep 2019 - 10:10

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat dizze wike in wenning oan de Ahornstrjitte op slot dien fanwege de opiumwet. Op dit adres waard op 3 juny in hannelshoemannichheid harddrugs oantroffen.

Foto: Srfotografie

De plysje fûn yn de wenning oan de Ahornstrjitte ûnder oare amfetamine, kokaïne en GHB. Ek waarden der saken oantroffen dy't faak brûkt wurde yn it drugssirkwy, lykas grippûdsjes, en GBL (in grûnstof foar GHB). Ek hiene minsken der stellen guod en knalpatroanen opslein.

De wenning oan de Ahornstrjitte is it achttjinde pân dat dit jier yn de gemeente Ljouwert op slot dien wurdt fanwege de opiumwet.

(advertinsje)
(advertinsje)