Kollum: "Ferbining"

19 sep 2019 - 08:33

"Doch it lekker sels! Dat wie wat ik tocht, doe't ik fan 'e wike in brief binnen krige mei de fraach om mei te beslissen oer it besteegjen fan twahûnderttûzen euro yn myn stedsdiel, oan projekten foar ferbining tusken bewenners. Nee, dat is net hielendal wier. Doe't ik de brief krige, tocht ik earst: 'Wat foar foardiel sit hjir yn foar my?' In net tige ferbinende gedachte. De twadde gedachte wie: 'Doch it lekker sels.'

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Hjir yn Amsterdam ha wy sa as oeral in bestjoer, en dat binne troch de keazen gemeenteried ôffurdige wethâlders. Mar Amsterdam is in grutte stêd, dus ha we yn 'e stedsdielen kommisjes. De leden fan de kommisjes binne keazen by de lêste gemeenteriedsferkiezingen, en ha in oantal leden nei de omfang fan it stedsdiel. Sa hat Amsterdam Sintrum der acht, en Oost sechstjin. De kandidaat-leden ha dus ek kampanje fierd, foar in funksje dy't sânhûndert euro yn 'e moanne betellet.

En no krij ik dus in brief fan dy kommisje: 'Met veel plezier bieden wij alle bewoners [ ] een stemcode aan'. En fia in website kin ik no kieze út sa'n fyftich 'haalbare' plannen. Earst koene bewenners plannen yntsjinje, doe moasten plannen likes krije, doe waarden se toetst op helberens, doe hat de stedsdielkommisje besletten dat de kar oan 'e bewenners is, en no moatte we stimme. En dêrmei is it noch net klear, want sa'n stimronde hat fansels hûnderten útkomsten.

Wat foar plannen binne it dan, silst dy ôffreegje. It printen fan poëtyske teksten op kades; in simmerfeest; betinkstiennen; De Amsterdamse Waterspelen (se ha al in logo); wjirmehotels; strjitboekekasten; opknappen fan sa'n bytsje alle pleinen en parken, mar net tagelyk; in opera en in servys. Ja.

Dat stimmen is ek gjin sinekuere. Want sa'n stedsdielkommisje moat der fansels rekken mei hâlde dat net alle bewenners tûk binne mei in kompjûter. Dus is der in mooglikheid om op tolve dagen yn in ferskaat oan buerthuzen yn it sintrum lâns te kommen, dêr't dan minsken klear sitte om te helpen by it stimmen. Stimme foar oaren kin ek, dan moatst even in kopy fan in paspoart en in skriftlik akkoart meinimme. Soe dit no hast net in mearfâld fan dy twa ton koste hawwe?

Ast hjir ek mar even oer neitinkst, dan komst al gau ta de konklúzje: dit wurdt hielendal neat. Mar it slimste is noch dat dit liedt ta mear teloarstellingen as tefredenheid, sa as mei elk referindum. We ha yn Nederlân in pear referinda hân dy't, los fan 'e útkomst, mei gjin mooglikheid in sukses neamd wurde kinne. Sjogge we efkes nei de stadige ramp dy't Brexit hjit en mear bewiis is net nedich. It feit dat de twa grutste tsjinpoalen yn ús Twadde Keamer foar referinda pleitsje, Forum voor Democratie en D66, soe al wat sizze moatte. By referinda tinke minsken gewoan altyd 'wat foar foardiel sit hjir yn foar my', yn stee fan: wêr moat it hinne mei de mienskip.

Simpel sein komt it der op del dat in referindum de macht fan de keazen fertsjintwurdigers ûnderminet: wy as it folk ha fertsjintwurdigers keazen, fan stedsdielkommisjeleden oant Europeesk Parlemintsleden. Dy beslisse foar ús. En ik kin wol begripe datst it net altyd iens bist mei wat se beslisse, mar ast dêr op reagearrest troch te sizzen datst in oar systeem ha wolst, dan bist úteinlik ûndemokratysk dwaande. Je moatte tige útsjen mei it feroarjen fan spulregels. Nee, ik fyn it ek net leuk om mar in lyts stimke te wêzen, mar yn 'e ferkiezingsstimbus is elkenien gelyk. En dat is earlik.

Twahûndertûzen euro is in soad jild, mar der wenje mear as tachtichtûzen minsken yn Amsterdam Sintrum. It soe itselde wêze as dat Skearnegoutumers in lytse fjouwertûzen euro ferdiele meie foar 'plannen die bijdragen aan een verbinding tussen buurtbewoners of de leefbaarheid van de buurt verbeteren'. Ik bedoel: it is in soad jild, mar belje ien kear mei in oannimmer en bist it al kwyt. Fergriem as bestjoerder dochs net ús en dyn tiid mei dit gepruts. Dit soarte fan ferbinende projekten kinne allinnich mar útrinne op teloarstelling en ferdieldheid. Ik stim net. Doch it lekker sels."

(advertinsje)
(advertinsje)