Nederlân ferliest mei 2-3 fan Tsjechië leste pûlwedstriid foar EK Follybal

Yn de Sporthallen-Zuid fan Amsterdam waard woansdei de lêste pûlwedstriid foar it EK follybal spile troch de manljusploech fan Nederlân. Tsjinstanner wie Tsjechië. Ek de 21-jierrige Gijs van Solkema fan Snits die mei Oranje mei, hy spilet noch mar sûnt maaie foar it Nederlânske team. It slagge Van Solkema en de oare manlju lykwols net om de winst te pakken. It team ferlear mei 2-3 en is no foar plak 2 yn de pûl ôfhinklik fan it resultaat fan de wedstriid tusken Oekraïne en Poalen tongersdei.
Gijs van Solkema en Michael Parkinson yn de wedstriid tsjin Tsjechië © Orange Pictures
De winst yn fiif sets wie wichtich foar it twadde plak yn de pûl. Tsjechië wûn de earste set yn de wedstriid mei 25-18. De twadde set brocht de manlju fan Oranje wer op lyk spul. It gie hieltyd om en om: de tredde set wie foar Tsjechië en de fjirde set wer foar de Nederlânske ploech. Dat makke it tige spannend, mar it slagge dus lang om let net om de wedstriid te winnen. It wie fan tefoaren al bekend dat Tsjechië goed oan Nederlân weage wie.

Fan pûl nei achtste finale

Nederlân organisearret it EK tegearre mei Frankryk, Spanje en Slovenië. Der dogge 24 lannen oan mei, yn 4 pûls fan 6. De fjouwer heechsten yn eltse pûl geane troch nei de achtste finales. De wedstriden yn Amsterdam binne beslissend foar de einrangskikking yn de pûl en hawwe direkt ynfloed op de sterkens fan de tsjinstanners yn de knock-out faze.