IepenUP Live oer Tinder: útkomst of manipulaasje?

18 sep 2019 - 22:33

Dating-apps as Tinder lykje in ideale en benammen maklike wize om mei minsken yn kontakt te kommen. Yn werklikheid wurde brûkers geastlik sa beynfloede dat se ferslave reitsje oan it dating-systeem sels. It sykjen nei nije kontakten en it meitsjen fan ôfspraken jout de man of frou dan mear befrediging as de moetingen mei de persoan yn kwestje sels. Neuro-ekonoom Vasily Klucharev wie woansdei fan Moskou út spesjaal nei Ljouwert kaam om op it poadium fan IepenUP Live te warskôgjen foar de manipulative gefaren fan websides foar it brein. De professor is spesjalist op dit mêd en hat hjir in soad ûndersyk nei dien.

Sa docht bliken dat kreaze minsken ek op Tinder dochs in streekje foar hawwe op minsken dy't ûnsjoch binne. Speurders op dizze dating-side litte harren ûnbewust dochs beynfloedzje troch stereotype skjintme-kenmerken as moaie eagen en in goed gebit, as de beskriuwing fan in karakter. Troch it tapassen fan algoritmen kin dan ynspile wurde op it geastlik ferlet fan de klant, sa't dy beynfloede wurdt om syn syktocht troch te setten.

Marjet van Wijk, as Mar Jetsetter in suksesfol influencer út Ljouwert, makket tankber gebrûk fan dizze wize fan manipulearjen. Se fertelde it publyk, dat woansdei manmachtich nei Neushoorn kommen wie, dat se op har reisblogs nijsgjirrige en benammen wiere dingen sjen litte wol, mar ek gebrûk makket fan Photoshop om de foto's wat moaier te meitsjen.

Manipulaasje

De measte oanwêzigen hiene wol yn de gaten dat se troch social media manipulearre wurde, mar fine de foardielen en de befrediging dy't dit foar harren opsmyt dochs te wichtich om bygelyks mei Tinder op te hâlden.

Professor Klucharev makke in ferliking mei in proef mei ratten dy't hy útfierd hat. De bisten koene by harsels troch op in knopke te drukken fia elektroaden yn har harsens lustgefoelens opwekke. Ek al fielden se dat dit negative gefolgen hie foar har hiele wolwêzen. Uteinlik fierden de bistjes de elektryske lading safier op dat se der oan dea giene. Oan har eigen lustgefoelens dus. In boadskip dêr't it publyk noch lang oer neitinke mocht.

Brûsplakken

Nije wike hat IepenUP live omtinken foar de saneamde brûsplakken yn ús provinsje. De kreative kreamkeamers, dy't yn oanrin nei Kulturele Haadstêd 2018 opset binne en dêr't benammen jonge teäter- en ideeëmakkers byinoar komme foar ynspiraasje en it opsetten fan nije projekten. Haadgast is dizze kear Baukje Cnossen, professor Cultural Entrepreneurship en ekspert op it mêd fan de kreative yndustry yn Europa.

Mei tal fan gasten út de Ljouwerter 'broedplaatsen-scene' as Koen Haringa fan Podium Asteriks, Abel de Grefte fan Zalen Schaaf en Bonny Dijkstra fan it keunstnerskollektyf oan de Cornelis Trooststrjitte wurdt dêrnei de diskusje oangien mei it publyk oer de needsaak fan kreative brûsplakken foar in sûn kultureel klimaat.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

Trefwurden: 
dating IepenUP live Tinder
(advertinsje)
(advertinsje)