Heale finale foar Sander Arends op ATP-toernoai yn Frankryk

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat woansdei de heale finale fan it Moselle Open yn Frankryk berikt. Tegearre mei David Pel wie Arends yn Metz yn in supertiebreak te sterk foar Marius Copil en Ugo Humbert.
© Orange Pictures
De setstannen wiene 6-7, 6-3 en 10-5. Yn de supertiebreak kamen Arends en Pel al gau foar. Nei in lange lêste rally pakten de Nederlanners úteinlik de winst.
Wa't de tsjinstanners fan Arends en Pel yn de heale finale fan it ATP-toernoai wurde, is noch net bekend. Dy oare kwartfinale wurdt tongersdei spile.