Petysje foar behâld festivals Ljouwert oan boargemaster Buma oerlange

18 sep 2019 - 21:19

Aletta Groeneveld hat woansdei in petysje oerlange oan boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert. Yn augustus ferline jier hat sy in online-petysje oanmakke om festivals en eveneminten yn Ljouwert te behâlden. De petysje 'Leeuwarder festivals en evenementen hóren in onze stad' is tekene troch 8.356 minsken.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Neffens Groeneveld meitsje festivals as Welcome to The Village, Promised Land, Into the Grave, Psy-Fi en CityRock Leeuwarden de stêd fleurich. Dochs hat der in soad te dwaan west om de eveneminten hinne, sa sil Psy-Fi tenei net mear yn Ljouwert hâlden wurde. De opskuor om dit festival hinne soarge foar in 'boost' oan minsken dy't de petysje tekenen.

Tsjinstanners sizze dat de festivals foar in soad oerlêst soargje. Groeneveld jout oan mei de petysje ek in stim jaan te wollen oan foarstanners. De gemeente soe ris goed sjen moatte nei it fergunningbelied, de regels binne op dit stuit te strang, fynt se.

Undersyk fergunningen

Yn de riedsgearkomste waard woansdeitejûn ek besletten dat er in ûndersyk komt nei it ferlienen fan fergunningen troch de Rekkenkeamer. Gemeentebelangen hie dêr in moasje foar yntsjinne dy't in brede mearderheid krige yn de ried.

Aletta Groeneveld - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Aletta Groeneveld oer de petysje foar it behâld fan festivals en eveneminten yn Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)