TeamFrysk kin wer trije jier foarút: sponsoaren tekenje by

18 sep 2019 - 20:44

TeamFrysk kin wer trije jier foarút. Oant en mei de Olympyske Spelen hat de reedrydploech genôch sponsoaren om troch te gean. Dat makke de ploech woansdei bekend by de teampresintaasje yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De grutte nammen by TeamFrysk binne Reina Anema en Marwin Talsma.

Foto: Orange Pictures

Uthangboerd is miskien wol Reina Anema. Sy prestearre ferline seizoen it bêste fan it Team Frysk. Se pleatste har yn 2017 al ris foar in wrâldbeker en ferline jier ried se alle wrâldbekers op de 3000 en 5000 meter. Yn 2017 mocht se noch meidwaan troch it ôfsizzen fan oare riders, no pleatste sy harsels mei twa fiifde plakken op it World Cup kwalifikaasjetoernoai.

De 26-jierrige Gordykster seach pleatsing foar it WK lykwols yn reek opgean, om't se diskwalifisearre waard. Se hindere har tsjinstanner Carlijn Achtereekte by in wiksel. Se ried op de 3000 meter lykwols wol in persoanlik rekôr mei 4.04,18.

"Ik haw it wol besocht by kommersjele ploegen, mar dy hawwe op dit stuit gjin plak." It tal sponsoaren en kommersjele teams rint werom. "Dat is jammer, mar it is net oars. Ik ried al hiel lang by in hiel goeie coach. Siep is geweldich." Ferline jier belibbe se har bêste seizoen, mar dat wol se fansels wer ferbetterje. "Ja, en my miskien pleatse foar de eintoernoaien. Foar de wrâldbekerfinale yn Thialf of de WK ôfstannen. En ris in top acht of top seis ride op in wrâldbeker."

Reina Anema (argyffoto) - Foto: www.orange-pictures.nl

Famylje Talsma yn TeamFrysk

Trije nije leden fan TeamFrysk binne Marwin, Kim en Dyon Talsma út Grou. Kim is 18 jier, studearret yn Grins wêr't se falt ûnder de sport-klasse fan de Johan Cruijff Academy. Dion is 17 jier. Harren mem, Helma Regts, is coach by TeamFrysk.

Marwin Talsma is nei alle gedachten de bekendste namme. Hy ried twa jier ferline by de ploech fan Jillert Anema en ferline by TalentNED, de ploech mei Ireen Wüst. Mar by beide ploegen slagge hy net. Team Clafis hâldt op, mar by TalentNED foelen syn prestaasjes ôf en waard syn kontrakt net ferlinge.

Oan de coach fan it team de fraach: neam ien rider dêr't we dit seizoen op lette moatte. "Marwin Talsma," seit Siep Hoekstra resolút. "It is sa skande dat sa'n jongen bûten de boat falt. Mar as jonges as Sven Kramer en Douwe de Vries fuort falle, dan moat dat gat toch opfolle wurde. Dat kin Marwin."

Foto: Orange Pictures

TeamFrysk is in ploech dy't it gat opfollet tusken de kommersjele ploegen en de regionale ploegen. Dêrfoar is in ploech gearstald dat bestiet út in platfoarm, in maratonteam (Team Douma Staal by de manlju en Team Bouwbedrijf De Vries by de froulju) en in topteam. By it platform ride reedriders dy't in poadium krije om harren sjen te litten. As se goed binne, komme se yn it topteam telâne.

(advertinsje)
(advertinsje)