Frituerpanne feroarsaket brân yn Ljouwerter appartemintekompleks

18 sep 2019 - 20:32

De brânwacht fan Ljouwert moast woansdeitejûn útride foar in brân yn in appartemintekompleks oan de Aakstrjitte. De brân bruts út op de earste ferdjipping en waard feroarsake troch in frituerpanne.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Der binne gjin minsken ferwûne rekke. By de brân kaam in soad reek frij en der is ek in soad skea ûntstien. De minsken dy't yn de omlizzende apparteminten wenje, koene yn 'e rin fan jûn werom nei harren wenningen. It hûs fan de bewenner sels is noch ûnbewenber; foar him wurdt oare wenromte socht.

Trefwurden: 
Ljouwert brân frituerpanne
(Advertinsje)
(Advertinsje)