Fryske dupearden 'Dream or Donate' hawwe noch gjin jild werom krigen

De Fryske dupearden fan de webside 'Dream or Donate' hawwe oant no ta noch hieltyd gjin jild werom krigen. Sjouke en Joyce Faber fan It Hearrenfean binne noch hieltyd 10.000 euro kwyt no't dy webside al in skoft út de loft is.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
In tal dupearden fan de donearwebside krige woansdei tûzenen euro's werom. Dat jildt lykwols noch net foar Sjouke en Joyce Faber, mar sy hâlde de moed deryn. "Ik haw der noch wol betrouwen yn dat it goed komt, mar ik bin pas wis as it jild ek echt by ús op 'e rekken stiet", seit Sjouke Faber.

Stamselterapy

Syn frou Joyce is MS-pasjint. Se sammelje jild yn foar stamselterapy yn Moskou. Dy terapy kostet 60.000 euro en dêrom wiene se mei de crowdfunding begûn.