Grut earmoede-kongres yn Ljouwert: 'Faak skamte en ûnbekendens'

18 sep 2019 - 20:09

Yn it Cambuurstadion yn Ljouwert wie woansdei in kongres om omtinken te freegjen foar earmoede. It giet dan mear spesifyk oer earmoede op de wurkflier en berne-earmoed. It tal minsken op de wurkflier dat ûnder de saneamde earmoedgrins libbet, nimt ta. Der is lykwols ek omtinken foar de groep bern en húshâldings yn de gemeente Ljouwert dy't yn earmoede libje. Neist prinses Laurentien wiene der tal fan sprekkers oanwêzich.

Prinses Laurentien en Paula van der Veer fan de organisaasje Leergeld - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Schuldenproblematiek is iets wat er altijd is," fertelt Nadja Jungmann, lektor 'Schulden en Incasso' by Hogeschool Utrecht. "Maar wat zorgelijk is dat je ziet dat het met de economie goed gaat en de werkloosheid laag is, terwijl het aantal mensen met grote financiële problemen te groot is. Te veel mensen vinden niet de weg naar de hulpverlening, en als ze die hulp vinden, komen ze er niet uit. Gemeenten zoeken wel naar oplossingen, maar het gaat langzaam."

Beprate

It probleem komt neffens Jungmann ek troch it systeem yn Nederlân. "Met schulden heb je in Nederland al snel te maken met hoge incassokosten en dat maakt dat mensen moeite hebben om eruit te komen. Maar mensen hebben ook schaamte om hulp te zoeken. Een deel van de sleutel is dat werkgevers als ze zien dat er problemen spelen, dat bespreekbaar maken, zeggen dat je niet de enige bent en meehelpen om hulp te zoeken."

Skamte

In soad minsken witte net dat sy by de gemeente help krije kinne as it giet om skulden. "Het is vaak schaamte en onbekendheid," seit Jungmann.

Ek by wurkjouwers is der it ien en oar dat oars moat. "Veel werkgevers hebben het idee dat schulden een privéprobleem vormen, daar moet ik me niet in mengen. Maar onderzoek laat zien dat 13 procent van de werknemers zich zorgen maakt over geldzaken. Een op de vijf huishoudens in Nederland heeft financiële problemen."

Lektor 'Schulden en Incasso' Nadja Jungmann

It earmoedekongres yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Ek yn Fryslân binne der problemen mei skulden. Dat sjocht Simon de Jong fan aktiviteitesintrum 'Uut en Thuus.' Sy soargje derfoar dat bern dy't harren jierdei net fiere kinne bygelyks spesjale jierdei-doazen krije. "Die dozen gaan niet alleen naar Leeuwarden, maar door heel Fryslân. Wij delen wel zo'n 400 tot 500 dozen per jaar uit," leit De Jong út. Ek binne der boartersguod-aksjes mei Sinteklaas en Kryst en yn Ljouwert is in saneamde 'Speelgoedbank.'

Simon de Jong seit itselde as Jungmann as it oer earmoede giet. "We merken dat het steeds meer speelt. Je zou zeggen dat het steeds beter gaat met de economie, maar wij merken er niets van. Het gaat juist de andere kant op."

Simon de Jong fan aktiviteitensintrum 'Uut en Thuus'

(Advertinsje)
(Advertinsje)