Pyromanen yn 'e dop: bern stekke winkelwein en matras yn 'e fik yn Ljouwert

Twa bern ûnder de tolve binne woansdei strang oansprutsen troch de plysje fan Ljouwert. It twatal stuts earst in stik karton yn de brân yn in winkelwein op it Johannes Kolfplein. Net folle letter hat it duo yn in boarterstún oan de Canadezenlaan in matras yn 'e fik stutsen. De brânwacht fan Ljouwert hat it fjoer útmakke.
© Nick den Boer / ProNews
It die ek nochris bliken dat sy de lúsjefers stellen hiene út in winkel yn de omjouwing. De plysje hat de bern strang tasprutsen. De bern binne letter oan de âlden oerdroegen.