Sel en wurkstraf foar dakleaze man dy't mes luts by stasjon Ljouwert

18 sep 2019 - 19:21

In 49-jierrige dakleaze man is feroardiele ta trije wiken sel en in wurkstraf fan hûndert oeren om't hy op 24 july foar it stasjon yn Ljouwert minsken fan de hanthavening bedrige hat mei in mes. De man foel foarbygongers lestich en doe't de hanthavening him oanspruts, luts hy in mes en draafde hy efter harren oan. De plysje hat him lang om let oanholden.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It wie net de earste kear dat de dakleaze man oansprutsen waard, hy is yn de simmer fjouwer kear oppakt om't hy in gebietsferbod oertrêde foar de binnestêd fan Ljouwert. Hy stuts syn middelfinger op nei de plysje en hat twa kear in plysjesel mei syn eigen stront besmard.

De man komt ûnder tafersjocht fan reklassearring en hy moat in frou fan de hanthavening fan Ljouwert 150 euro oan smertejild betlje. Ek moat hy 234 euro betelje foar it himmeljen fan de plysjesel.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert dakleaze
(Advertinsje)
(Advertinsje)