PvdA fynt dat provinsje in grutter ferskaat oan minsken oannimme moat

18 sep 2019 - 19:03

De Steatefraksje fan de PvdA fynt dat provinsje Fryslân der as wurkjouwer noch net genôch oan docht om plak te bieden oan in grut ferskaat oan minsken. De partij wol mear 'diversiteit in het personeelsbestand,' sa skriuwt de fraksje. Sa soene der mear minsken yn it traineeprogramma oan it wurk kinne dy't ekstra stipe nedich hawwe by harren wurk, of bygelyks statushâlders.

Foto: ANP

PvdA-lid Edou Hamstra wiist nei de provinsje Gelderlân en de gemeente Amsterdam. Dêr binne spesjale traineeprogramma's foar statushâlders en oare groepen minsken dy't mear wurk op maat hawwe moatte.

Fierder as allinne diploma

Neffens de fraksje moat it sykjen nei personiel fierder gean as 'alleen een diploma.' De provinsje soe in foarbyldfunksje hawwe moatte, sizze sy. Op dit stuit is it traineeprogramma fan de provinsje rjochte op hbo'ers en akademisy mei wurkûnderfining.

Trefwurden: 
provinsje PvdA ferskaat
(Advertinsje)
(Advertinsje)