Harry van der Molen wol yntervinsjeteam tsjin drugskriminaliteit

18 sep 2019 - 18:45

CDA-foaroanman Pieter Heerma fynt dat der in lanlik yntervinsjeteam komme moat tsjin drugshannel en kriminaliteit. It Fryske Twadde Keamerlid Harry van der Molen is it dêr mei iens. De likwidaasje fan advokaat Derk Wiersum makket it neffens Van der Molen tige aktueel: "It wie echt in klap. Dat in advokaat midden op strjitte delsketten wurdt. It is sa as minister Grapperhaus sein hat: in oanslach op ús rjochtssteat. In advokaat ferdigenet eltsenien, dat sa'n persoan delsketten wurdt, meie wy net tolerearje," seit Van der Molen.

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Van der Molen wie woansdei by de Algemiene Skôgingen. Hy jout oan dat sa'n yntervinsjeteam goed wêze soe. "Yn Nederlân sjochst it ek in soad yn Amsterdam en om de drugskriminaliteit yn it Suden fan it lân: kriminelen wurde hieltyd mear brutaal. Sy kringe ek mear en mear troch yn it deistich libben. Underwrâld en boppewrâld rinne hieltyd mear troch inoar," leit hy út.

Spesifike ploech

Van der Molen en it CDA fine dat der in aparte ploech minsken mei oan de gong moat. "No moat it faak komme út rinnende plysjeoantallen en ekstra ynset. Mar dit probleem is sa djip woartele, dêr hawwe wy spesifike minsken foar nedich," fynt Van der Molen.

"It brutale is dat je sjogge dat der in advokaat midden op de dei delsketten wurdt, troch in persoan mei in sinjalemint fan noch net iens 20 jier âld. Ek yn Fryslân wurde der tige jonge jonges ynset as 'drugsrunner.' It probleem is in jier of tsien gewurde litten, mar no moatte wy wat dwaan," seit hy.

Twadde Keamerlid Harry van der Molen oer drugskriminaliteit en de Algemiene Skôgingen

(Advertinsje)
(Advertinsje)