Wurkstraf foar Ljouwerter kasjêre (19) dy't kadokaarten en jild stellen hat

18 sep 2019 - 17:56

In 19-jierrige frou út Ljouwert is woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan tweintich oeren. De frou wurke oant desimber ferline jier as kasjêre yn de stêd en hie op har wurk kadokaarten en kontant jild stellen.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de frou waard se twongen troch har freon, dy't ferslave wie oan kokaïne. Mei de kadokaarten hat sy mei him út iten west. De kasjêre waard fuortdaalks ûntslein en har lean waard ynhâlden.

Ekstra straf

De relaasje fan de twa is yntusken oer en de frou hat sels help socht. De rjochter hold dêr rekken mei. By de wurkstraf komme noch fjirtich oeren op, om't se yn har proeftiid siet fan in feroardieling troch de bernerjochter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)