Tsientûzenste besiker foar Museum 't Fiskershúske

18 sep 2019 - 17:50

De tsientûzenste besiker fan it seizoen is woansdeitemiddei ûntfongen yn museum 't Fiskershúske yn Moddergat. De besiker is de Belgyske frou Pauwels dy't mei har feriening op besite is yn Fryslân.

Jacob Bosma fan it museum en frou Pauwels - Foto: Taeke Kooistra

Frou Pauwels komt út it Belgyske Steneke. Se is mei 43 oare senioaren fan de feriening NEOS út St. Gillis Waes op reis troch Fryslân. De toer troch de provinsje wie in winsk fan de frou. Se woe graach nochris in besite oan dizze streek bringe. Neffens it museum hat se dan genietsje kinnen fan de ferhalen yn it museum. Om't se de tsientûzenste besiker is, hat Pauwels in taart krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)