Gjin glêsfezel foar soad doarpen oan noardkant A31 yn Noardwest-Fryslân

De measte lytse doarpen yn it gebiet boppe de A31 yn it noardwesten fan Fryslân krije gjin glêsfezel. Der is te min belangstelling by de bewenners, makket DFMopGlas bekend. Yn in soad lytse doarpen oan de súdkant fan de A31 is de belangstelling ek noch net grut genôch, mar dêr krije de ynwenners noch oardel wike (oant 1 oktober) de tiid om harren oan te melden.
Glêsfezel © Shutterstock.com
DFMopGlas wol dat 35 persint fan de húshâldens meidocht, oars kin it net út. It oanlizzen fan glêsfezel yn de doarpen stiet los fan it oansluten fan bedriuwen en hûzen yn it bûtengebiet, dus bûten de beboude kom.
Dy oansluting wurdt dien troch Kabelnoord, mei help fan provinsjale subsydzje en giet wol gewoan troch. Mooglik sil Kabelnoord ek nochris sjen nei glêsfezel yn de doarpen yn Noardwest-Fryslân. Der wurdt besjoen oft dêr jild foar fûn wurde kin.

Besuden de A31

Fjirtjin doarpen ûnder de A31 krije dus noch oant 1 oktober de tiid om mear oanmeldingen yn te stjoeren om de 35 persint te heljen. It giet om: Achlum, Baaium, Blessum, Boksum, Deinum, Hjerbeam, Hitzum, Marsum, Skalsum, Spannum, Tsjom, Winsum, Wjelsryp en Sweins.
Yn Súdwest-Fryslân rint de kampanje ek noch oant 1 oktober.