Repairkafees bliid mei SIRE-kampanje om minder guod fuort te smiten

18 sep 2019 - 16:55

Repairkafees hawwe it somtiden smoardrok mei it reparearjen fan stikken guod. Dochs binne se bliid mei de nije SIRE-kampanje 'Waardeer het, repareer het' om minder guod fuort te smiten.

Troch de nije oerheidskampanje 'Waardeer het, repareer het' sille Repairkafees it noch drokker krije as no. Dochs wolle se graach mear publisiteit. Dat makket it makliker om sponsoaren en frijwilligers te finen. Wy smite te folle guod fuort, dat somtiden noch hiel goed makke wurde kin. Benammen elektryske apparaten wurde te maklik by it ôffal dien.

Roel Nijwening fan Repair Café Heerenveen fynt de kampanje fan SIRE needsaaklik. "De mensen zijn zich niet bewust dat ze zulke waardevolle spullen weggooien. Als je ziet wat voor mooie apparaten weggegooid worden, terwijl ze heel makkelijk te repareren zijn."

Op It Hearrenfean reparearje twa woansdeis yn de moanne frijwilligers boartersguod, húshâldlike apparaten en mear. Se reparearje sa'n 80 persint fan wat se oanbean krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)