FIDEO: IepenUP Live: Wat docht Tinder mei dyn brein?

18 sep 2019 - 19:52

Tsjintwurdich kinst der net mear omhinne: sosjale media. Mar hoe wurket is no eins en wat docht it no krekt mei dyn holle? Hoe brûke grutte bedriuwen de sosjale media en hoe witte jo dat jo alles sels noch bepale? Wy hawwe it deroer mei professor Vasily Klucharev, neuro-ekonoom út Moskou. Der binne noch mear gasten en eksperts dy't wurkje mei sosjale media.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP live Tinder
(Advertinsje)
(Advertinsje)