Risptiid yn de provinsje, dus wer kampanje oer 'Modder op de weg!'

18 sep 2019 - 16:38

Om't it risptiid is, is de kampanje 'Modder op de weg!' fan Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF) wer úteinset. Yn Moarre waard it earste spandoek ophongen troch deputearre Avine Fokkens fan Feiligens en Ferfier en wethâlder Jelle Boerema fan Noardeast-Fryslân. De kampanje moat weibrûkers der bewust fan meitsje dat der wer smoargens op 'e dyk lizze kin.

Neffens Fokkens bliuwt de kampanje wichtich. "Zeker omdat de oogsttijd is begonnen en er nu modder op de weg kan komen. Dat kan resulteren in ongelukken en dat willen we voorkomen. Met deze campagne willen we zulke ongelukken voorkomen en we werken samen met meerdere overheden, boeren en loonbedrijven. Dat doen we deels door het plaatsen van borden en spandoeken en deels door met boeren en loonbedrijven af te spreken dat als er modder op de weg komt, zij het ook opruimen," leit Fokkens út.

Iepen doar

Minsken witte faak wol dat de rommel op de dyk bedarret. Dochs set de kampanje troch. Fokkens: "Baat het niet, dan schaadt het niet. Ook voor schoolgaande kinderen kan het gevaarlijke situaties met zich meebrengen, die willen we voor zijn. Voor de een is het misschien een open deur, maar een extra waarschuwing kan nooit kwaad."

Deputearre Fokkens jout lykwols oan dat der gjin ûngelokken bard binne troch modder op de dyk. "Maar voor ons is dat juist een reden om door te gaan met de campagne."

Deputearre Avine Fokkens oer de kampanje

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

As der wol in ûngelok is troch modder op de dyk, wa is dan ferantwurdlik? "In principe is de boer wiens rommel op de weg ligt, verantwoordelijk bij een ongeluk. Maar dat wil je liever niet hebben," seit Tineke de Vries fan LTO Noord.

Kin net altyd

Sy is wol wiis mei de kampanje. "Het maakt mensen toch weer even bewust dat ze niet alleen op de weg zijn, maar dat ze ook rekening moeten houden met boeren en loonwerkers op de weg. Men weet het heel goed, maar je kunt niet iedere vijf minuten de weg schoonmaken. De weg is zo nu en dan eens glad, daar moet je rekening mee houden."

Tineke de Vries fan LTO Noord

(Advertinsje)
(Advertinsje)