Plysje hâldt trije Friezen oan fanwege ûntfiering 18-jierrige Grinzer

18 sep 2019 - 16:19

De plysje hat trije Friezen oanholden yn ferbân mei in ûntfiering yn Ljouwert. In man fan 18 jier út Grins soe op freed 13 septimber meinommen wêze út Grins nei Ljouwert. Dêr soe er mishannele wêze en efterlitten by it rekreaasjegebiet de Griene Stjer.

De omjouwing dêr't it slachtoffer frijlitten wêze soe - Foto: Kappers Media

Om middernacht hinne, fan freed op saterdei, krige de plysje in melding fan it slachtoffer. Hy wie op dat stuit oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. De man fertelde dat er ûntfierd en mishannele wie en dêrnei efterlitten yn de buert fan AquaZoo.

De manlju dy't oanholden binne, binne twa Ljouwerters fan 19 en 26 jier en in man fan 32 út Stiens. De plysje trof se yn in auto yn deselde nacht fan de ûntfiering. De manlju sitte noch hieltyd fêst.

Plysje siket tsjûgen

De plysje siket minsken dy't wat sjoen of heard ha oer it foarfal yn de buert fan de Griene Stjer, freedtejûn 13 septimber tusken 22.00 oere en 00.30 oere.

Trefwurden: 
plysje ûntfiering
(Advertinsje)
(Advertinsje)