Undersyk Taalunie: Friezen brûke faker Frysk

18 sep 2019 - 16:12

De Taalunie hat ûndersyk dien nei de posysje fan it Nederlânsk yn de mienskip. De posysje fan it Frysk is ek ûndersocht. De útkomsten binne presintearre yn it rapport 'Staat van het Nederlands'. De wichtichste útkomst is dat der hieltyd minder minsken binne dy't inkeld Nederlânsk prate en dat der mear Frysk brûkt wurdt yn de provinsje yn ferliking mei de útkomsten fan it ûndersyk fan 2016.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de neiste omjouwing praat 37,3 persint fan de ûnderfrege Friezen altyd Nederlânsk. Dat is likefolle as de Friezen dy't altyd Frysk prate. Yn 2016 prate noch 53,2 persint altyd Nederlânsk mei famylje, freonen en bekenden, wylst doe mar 22,2 persint altyd Frysk prate yn de neiste omjouwing.

Yn sosjale situaasjes bûtendoar, lykas yn de supermerk of yn it sikehûs, wurdt ek mear Frysk praat. Sa'n 8,8 prosint jout oan altyd Frysk te praten yn dy situaasjes. Dat is tanommen yn ferliking mei 2016. It tal minsken dat seit allinne mar Nederlânsk te praten, is ôfnommen.

It grutste part fan de minsken joech oan Nederlânsk en Frysk te brûken yn sosjale situaasjes bûtendoar.

Frysk op social media

3,7 persint fan de Friezen joech oan allinnich mar Frysk te brûken op sosjale media. Ek dêr seit de mearderheid (51,7 persint) Frysk en Nederlânsk te brûken. Wat opfalt, is dat der op WhatsApp in ôfname is fan it tal minsken dat allinnich mar Frysk brûkt. Op dit platfoarm is it brûken fan it Nederlânsk en it Frysk it meast populêr. 26,8 persint skriuwt altyd yn it Nederlânsk op WhatsApp.

Wurkwize

Foar it ûndersyk hat de Taalunie 315 Friezen ûnderfrege. Dat wiene sawat twa kear safolle as by it lêste ûndersyk yn 2016. Neffens de Taalunie binne de resultaten dêrtroch represintativer as by it rapport fan 2016.

Kanttekening by dizze sifers is dat de dielnimmers ûnder oare oanbrocht binne troch streektaalorganisaasjes. Dêrtroch kin it sa wêze dat mear minsken de enkête ynfolle hawwe dy't harren ynsette foar it behâld fan it Frysk.

Trefwurden: 
Frysk ûndersyk Taalunie
(Advertinsje)
(Advertinsje)