Reuzerêd Terbant moat foar Brexit oer wêze, oars bliuwt er yn Calais stean

Ast oer de A32 fan It Hearrenfean nei Ljouwert rydst, sjochst him oan de rjochterkant al stean: in gigantysk reuzerêd, boud troch Mondial yn Terbant. De 70 meter hege attraksje is klear en test. Hy sil ynkoarten op transport nei Londen. "Wy dogge der alles oan om him foar de Brexit oer te hawwen", seit direkteur Sibbele Bouma fan reuzerêdbouwer Mondial. "Oars bliuwt er mooglik stean yn Calais."
Reuzerêd Terbant2
Ferslachjouwer Jeroen Boersma makket in rûntsje tegearre mei Sibbele Douma
It reuzerêd hat 48 gondels mei ferwaarming, airco en lûd. Se binne wyn- en wetterticht. "Der stiet inselde masine yn Parys, dy't ek boud is troch ús", seit Douma. Yn Londen stiet ek al in hiel grut reuzerêd, de Londen Eye, grutter as it demontabele rêd dat yn Terbant boud is. "Dy fan ús is hiel oars. De London Eye is in fêste masine en stiet dus op ien plak. Dy fan ús is spesjaal boud om ferfierd te wurden. Hy kin op seis grutte trailers ferfierd wurde dêr't it rêd op stiet, plus in achttal trailers foar de gondeltsjes en de kassahúskes."
Dit reuzerêd moat draaie op de wintermerk yn Hyde Park. Dy is fan 21 novimber oant en mei begjin jannewaris. Mar der moat al begjin novimber begûn wurde mei opbouwen.
Hoe komt it mei de Brexit?
Se dogge harren uterste best om derfoar te soargjen dat it rêd foar de Brexit yn Ingelân is. Oars is de kâns grut dat er yn Calais stean bliuwt, seit Douma. De krusjale dei foar de Brexit is 31 oktober. Nei Londen giet it reuzerêd wer nei in oar plak.