Harns kiest foar rekreaasjepark by Westerseedyk: 50 wenten en restaurant

18 sep 2019 - 15:51

It middengebiet by de Westerseedyk yn Harns moat in rekreaasjegebiet wurde, en dat doel is in stapke tichterby kaam. De gemeente Harns hat keazen foar in bedriuw út Ouddorp om de plannen fierder foarm te jouwen: Zeelenberg Architectuur en Ontwikkelingsmaatschappij. Dat bedriuw wol op it lân by de Westerseedyk rekreaasjewenten delsette, maksimaal 50. Fierder moat der in foar eltsenien tagonklike tún, in restaurant, kuierpaden en boarterstastellen komme.

Foto: Gemeente Harlingen

It lanskip wurdt beplante mei beammen en lytser grien en der komme in greide, wetter en kuierpaden. By de rekreaasjewenten komt in saneamd 'optild terras,' sadat it lânskip yntakt bliuwt. It bedriuw hopet dat de ynwenners fan Harns ek gebrûk meitsje sille fan it restaurant, de tún, de paden en de tastellen.

Seleksje

Foar de ûntwikkeling fan it rekreaasjepark wiene noch twa oare projektûntwikkelers yn de race. Neffens de gemeente is it plan fan Zeelenberg it bêste, om't it goed yn de besteande omjouwing past en rekken hâldt mei de grûnfersmoarging yn it gebiet.

Takom jier definityf

De kommende moannen wurket Zeelenberg it plan fierder út, yn gearwurking mei de gemeente, omwenners en in klankboerdgroep. Takom jier moat der in definityf plan lizze.

(advertinsje)
(advertinsje)