Oanriding tusken auto en brommer op Pier Panderstrjitte yn Drachten

18 sep 2019 - 15:17

Op de Pier Panderstrjitte yn Drachten hat woansdeitemiddei in oanriding west tusken in auto en in brommer. Der is ûnder oare in ambulânse oproppen om help te ferlienen oan de brommerrider. De bestjoerder fan de auto rekke net ferwûne.

Foto: Pronews

Hoe't ûngelok krekt barre koe, is net bekend. De strjitte waard in skoft ôfsetten en it ferkear waard omlaat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)