Riedslid Marlene Postma fan Weststellingwerf ferlit GrienLinks

Riedslid Marlene Postma fan Weststellingwerf hat fuortdaalks har lidmaatskip by GrienLinks opsein. Ek acht leden fan de stipefraksje folgje Postma har foarbyld. De 'Commissie Geschil en Beroep' fan GrienLinks joech Postma de kar: of se sei har lidmaatskip op of se waard royearre. De útspraak waard dien nei't it ôfdielingsbestjoer en in tal leden it betrouwen yn har opsein hiene.
© ANP
Postma waard yn 2017 keazen as listlûker fan GrienLinks en krige dêrnei de funksje fan fraksjefoarsitter. Yn desimber waard se troch it ôfdielingsbestjoer sommearre it fraksjefoarsitterskip oer te dragen oan fraksjegenoat Gaby Thijsen, dy't dêrfoar mear kwaliteiten hawwe soe.
By in ledegearkomste yn febrewaris yn Noardwâlde lieten it ôfdielingsbestjoer en de oanwêzige leden witte it betrouwen yn Postma op te sizzen. Net allinnich as fraksjefoarsitter, mar ek as riedslid foar GrienLinks.

Heger berop

Postma wie dêrby net oanwêzich. Dat wurdt har, neffens harsels, troch it haadbestjoer swier oanrekkene. Postma lei har net del by de gong fan saken en bleau foar GrienLinks yn de ried. Mar sy mocht har fan it lanlike haadbestjoer, yn ôfwachting fan har mooglike royemint, net mear útlitte yn namme fan de partij.
Dêrtroch hat Weststellingwerf de ôfrûne moannen twa fraksjes fan GrienLinks. Dat is no foarby, want de 'Commissie Geschil en Beroep' fan GrienLinks hat no in útspraak dien yn it berop fan Marlene Postma tsjin it lanlike partijbestjoer oer it foarnommen royemint.

Fraksje halvearre

Postma kin allinnich lid bliuwe fan GrienLinks as sy har lidmaatskip opseit en har riedssit ta beskikking stelt oan GrienLinks. Docht Postma dit net, dan wurdt sy royearre.
Postma lûkt dêr har eigen konklúzjes út en giet fierder as fraksje Postma. Dêrtroch wurdt de fraksje fan GrienLinks halvearre. Postma seit dat sy dit net as sitrôf sjocht, om't se by de ferkiezing 739 foarkarsstimmen krige. Postma neamt it 'in trieste gang van zaken', wêryn't it ôfdielingsbestjoer in tige kwealike rol spile hat.