Anouska Koster hat nije ploech foar takom seizoen fûn

18 sep 2019 - 14:34

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen hat in nije ploech foar takom jier. Se makket de stap nei Parkhotel Valkenburg. De 26-jierrige Koster moast in nije ploech fine, omdat har Team Virtu, dêr't se no foar fytst, dermei ophâldt.

Anouska Koster - Foto: www.orange-pictures.nl

Healwei dit seizoen krigen Koster en har ploechgenoaten te hearren dat Team Virtu nei dit jier net mear bestiet. Dêr baalde Koster fan: "Ik siet hjir noch mar in jier en ik fielde my hjir hiel bot thús. It wie even flink skeakeljen dat ik no nei in jier alwer ferhúzje moast nei in oare ploech."

Fertrouwen by nije ploech

Dy hat se no dus fûn. "Ik fielde by Parkhotel Valkenburg it fertrouwen. De ploech hat de ôfrûne jierren grutte stappen makke en it is in hiel gesellige groep dy't mei in protte teamwurk moaie resultaten behelle hat."

By har nije ploech wurdt Koster ûnder oare ploechgenoate fan Lorena Wiebes, de Nederlânsk kampioene.

Earder dizze wike wûn Koster in etappe yn de Ronde fan de Ardèche.

(Advertinsje)
(Advertinsje)