Bestjoer Rôze Sneon falt útinoar: 'organisaasje kostet te folle tiid'

It bestjoer fan Rôze Sneon is útinoar fallen. Trije bestjoersleden binne opstapt, omdat it organisearjen tefolle tiid fan harren freget. Boppedat is der mear jild nedich om it evenemint goed fan de grûn te krijen. Takom jier op 20 juny sil de Rôze Sneon plakhawwe. De gemeente Ljouwert hat der in ton foar beskikber steld, mar de provinsje Fryslân hat noch gjin jild tasein.
Bestjoer Rôze Sneon falt útinoar: 'organisaasje kostet te folle tiid'
Op dit stuit binne der trije bestjoersleden oerbleaun. Mirka Antolovic fan Tûmba is dêr ien fan. Neffens har is it gjin probleem om as trijekoppich bestjoer fierder te gean. "We kijken nu samen met de gemeente hoe we het verder gaan inrichten. Het is een idee om als bestuur op afstand te werken, met onder het bestuur verschillende werkgroepen."
© ANP

In 'rôze 2020'

De organisaasje hat as doel net allinnich in Rôze Sneon te organisearjen, mar ek om 2020 in jier te meitsjen dêr't ferskate aktiviteiten yn plakhawwe dy't ûnderlinge tolerânsje befoarderje. Om dat goed fan de grûn te krijen, binne de finansjele tasizzings fan Provinsjale Steaten hiel wichtich. "Er is in het bidbook aangegeven dat de provincie een ton beschikbaar stelt. Daar wachten we nu nog op."
Njonken it jild fan de provinsje Fryslân sil de organisaasje fan de Rôze Sneon ek sponsoaren en fûnsen benaderje.
Mirka Antolovic sit noch wol yn it bestjoer, ferslachjouwer Bauke Deelstra praat mei har
Mirka Antolovic © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra