Súdeasten fan Fryslân drûger as ferline jier

18 sep 2019 - 13:32

Hoewol't de problemen mei de drûchte oer ús hiele provinsje sjoen in stik minder slim binne as in jier lyn, binne der plakken dêr't de grûn der noch minder oan ta is as in jier lyn. Dat is ûnder oare sa yn it súdeasten fan ús provinsje. It reinwetter dat de ôfrûne tiid fallen is, hat dêr gjin feroaring yn bringe kinnen, sa seit Wetterskip-bestjoerder Jan van Weperen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It Wetterskip Fryslân hat foar dit jier in soad maatregels naam tsjin de drûchte. Sa is it peil yn de Fryske boezem heger hâlden as gewoan. Dat hat yn grutte parten fan de provinsje fertuten dien, neffens Van Weperen: "In het noordwesten en het Lege Midden zie je dat het erg meevalt met de droogte. Daar kunnen we het regenwater goed vasthouden."

Dat slagget yn it súdeasten lykwols in stik minder. Troch de lizzing streamt it wetter ôf. "In dit gebied ben je dan afhankelijk van regen. Die is gevallen, maar je moet ook weer rekening houden met verdamping. De grond is hier gewoon droog."

Slimmer as ferline jier

De problemen binne neffens Van Weperen slimmer as ferline jier: "Met name in het zuidoosten van de provincie. Daar is het erger dan vorig jaar. Ja, het gras is groen. Dat komt door de paar buien die we gehad hebben. Maar wij kijken naar de stand van het grondwater. Die is lager dan vorig jaar."

Dat peil is ek net samar op nivo te krijen. "Dan hebben we een zeer natte en koude winter nodig. Maar dan zit je nog niet op niveau. Dat duurt jaren." It Wetterskip set dêrom ek yn op oare maatregels. Sa wurdt der mear sjoen nei mooglikheden foar wetterberging. Wat ek helpt is mear organysk materiaal yn de grûn. Dat hâldt wetter fêst, sa seit Van Weperen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)