Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt tsjerke fan Wânswert oer

De Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt it tsjerkgebou fan Wânswert oer fan de Protestantske gemeente Wânswert en Jislum. Ek it omlizzende begraafplak wurdt oernaam. It is de 52e tsjerke dy't de stifting oernimt.
© Stichting Alde Fryske Tsjerken
Yn it doarp is in Plaatselijke Kommisje yn it libben roppen, dy't de tsjerke nei de oername beheare sil. Der sil noch in beheind oantal tsjinsten yn it jier hâlden wurde yn de tsjerke. Fia de Plaatselijke Kommisje kin it gebou ferhierd wurde foar bygelyks rou- en troutsjinsten en konserten.
De som dy't beskikber steld wurdt foar it takomstige ûnderhâld, bestiet út in oantal bunders lân. Ut de pachtynkomsten kin it ûnderhâld fan de tsjerke, it begraafplak en it gebrûk troch de tsjerklike mienskip betelle wurde.

Terp

De tsjerke fan Wânswert leit op in hege terp dy't inkele iuwen foar ús jiertelling ûntstien is. Opfallend is dat de tsjerke en de toer hast like breed binne. De tsjerke is oarspronklik wijd oan Sint Petrus en hat sûnt de 16e iuw al in oargel. Yn 1674 waard in nij oargel boud troch Harmen Lans. Dat waard yn 1877 wer ferfongen troch in nij ynstrumint, boud troch Willem Hardoff.