Man komt om by slim bedriuwsûngelok by Ternaard
By in bedriuwsûngelok oan de Hantumerwei yn Ternaard is woansdeitemoarn in 42-jierrige man om it libben kaam. De man siet beknypt yn in masine.
Der waarden meardere helptsjinsten oproppen, mar dy koene de man net mear helpe. De ynspeksje SZW docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.