MCL kin digitale bylden net mear ynsjen troch steuring

18 sep 2019 - 11:33

It Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) kampt mei in technysk probleem by de opslach fan digitale bylden, lykas echo's, scans en bylden fan röntgen- en sjochûndersyk. In part fan de bylden is op dit stuit net besjoen wurde troch dokters en oare meiwurkers, sa makke it sikehûs bekend.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet om in part fan de bylden dy't opslein binne tusken 1 en 12 maart fan dit jier. De ferslaggen yn it medysk dossier, wêryn't beskreaun stiet wat der op it byld te sjen is, binne wol beskikber.

De oarsaak fan it probleem is noch ûnbekend. "Deskundigen van het MCL hebben het in onderzoek. Er wordt daarbij ook gekeken naar de mogelijke gevolgen voor de patiënt. De verwachting is dat de gevolgen voor de patiëntenzorg gering zullen zijn", seit it sikehûs.

De pasjinten om wa't it giet, wurde troch it MCL op 'e hichte brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)