Advokaat Van der Goot oer likwidaasje kollega: "Swarte dei foar rjochtssteat"

18 sep 2019 - 11:23

De advokatuer is djip rekke troch de likwidaasje fan de riedsman fan kroantsjûge Nabil B. Advokaat Derk Wiersum waard woansdeitemoarn op strjitte yn Amsterdam deasketten."Een inktzwarte dag. Diep geschokt door het gewelddadig overlijden van confrère Derk Wiersum, Vreselijk nieuws", skriuwt advoaat Tjalling van der Goot op Twitter.

Advokaat Van der Goot oer likwidaasje kollega

Wiersum stie Nabil B. by yn de grutte likwidaasjesaak om haadfertochte Ridouan Taghi hinne dy't noch hieltyd socht wurdt. Neffens Van der Goot is dit 'de limyt'. "Wy hawwe doedestiids yn de sedesaak-Robert M. in soad bedrigings en haatmails krige. Mar wat der no gebeurd is, giet in grins oer."

Foto: ANP

"Advokaten moatte harren wurk dwaan kinne sûnder harren ôf hoege te freegjen oft se risiko's rinne", seit Van der Goot. "De advokatuer moat bystân ferliene kinne oan elkenien dy't dat nedich hat, dus ek oan minder populêre typen. In rjochtssteat funskjonearret allinnich as just elkenien - ek kwetsberen - holpen wurdt."

De plysje is noch op syk nei de skutter dy't tusken de 16 en 20 jier wêze soe.

'Zeer verontrustend'

Premier Mark Rutte en minister Sander Dekker fan Rjochtsbeskerming neame de likwidaasje fan in advokaat fan in kroantsjûge 'zeer verontrustend'. Se sizze dat de plysje der boppe-op sit. Minister Ferd Grapperhaus fan justysje komt letter op de dei noch mei in ferklearring.

Omwenners fan it plak yn de Amsterdamske wyk Buitenveldert dêr't de 44-jierrige Wiersum likwidearre waard, skrokken wekker fan trije skotten. Buertbewenners sizze dat syn frou by it slachtoffer stie.

Tjalling van der Goot

"Dit is in inketswarte dei foar de neibesteanden, mar ek foar de advokatuer," seit Tjalling van der Goot yn in reaksje tsjin Omrop Fryslân. "Der moat noch ûndersyk dien wurde nei de saak. Mar as jo deasketten wurde omdat jo jo berop útoefenje, omdat jo as advokaat bystân ferliene, dan rekket dat in fûnamint fan de rjochtssteat."

Van der Goot is net gau benaud wurden troch dizze likwidaasje. "Dat is krekt wat de dieders wolle. Elkenien, wa't it ek is en wêr't er fan beskuldige wurdt, hat rjocht op adekwate en goede rjochtsbystân."

As myn priveelibben beynfloede wurdt troch myn wurk, dan wurdt it thús ek in diskusjepunt.

Tjalling van der Goot

En as der no in grutte krimineel by Van der Goot komt mei in fersyk om rjochtsbystân, soe er it dan wol dwaan? "Wy stean allinnich fertochten by, gjin tsjûgen. Yn ús hiele karriêre hawwe wy noch noait in diskusje hân, fan 'moatte wy dizze persoan wol bystean, omdat der allegearre gefaren en risiko's oan kleve kinne' of omdat we bedrige wurde." Oan de oare kant: "Dit is net allinnich saaklik, mar sa't wy no hjoed sjogge ek privee. As myn priveelibben beynfloede wurdt troch myn wurk, dan wurdt it thús ek in diskusjepunt. Stel, it docht him foar, dan soene wy wol even hiel goed prate moatte."

Auke Zeldenrust praat mei advokaat Tjalling van der Goot

(Advertinsje)
(Advertinsje)