Miljeudefinsje: hannelsferdrach Kanada is bedriging foar ôfbou gaswinning

18 sep 2019 - 10:59

It hannelsferdrach tusken de Europeeske Uny en Kanada (CETA) beheint gemeenten en provinsjes yn harren striid tsjin gaswinning. Dêr warskôgje Miljeudefinsje, FNV en Handel Anders foar yn in notysje oan gemeenteriedsleden. As it ferdrach der komt, kinne sawol lokale as lanlike oerheden gjin wetten en regels mear ynstelle dy't de winst fan ynvestearders oan bannen lizze.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

CETA

CETA stiet foar Comprehensive Economic and Trade Agreement, in brede ekonomyske en hannelsoerienkomst dus. It wichtichste doel fan CETA is om de hannel mei Kanada makliker en goedkeaper te meitsjen.

It ferdrach is lykwols noch net definityf. Yn septimber 2017 gie it foarriedich yn, mar it Nederlânske parlemint moat him der letter dit jier noch oer bûgje.

As de gemeenteried maatregels nimme wol tsjin gaswinning, kinne Vermilion of ExxonMobil fia it ferdrach in skeaclaim yntsjinje foar it misrinnen fan ynkomsten.

Skeafergoeding

Yn de Fryske gemeenten Smellingerlân, Waadhoeke, Opsterlân, Smellingerlân en Skylge en yn ferskate Drintske en Grinslanner gemeenten is it Kanadeeske gasbedriuw Vermilion aktyf. It bedriuw kin in skeafergoeding fan Nederlân easkje as de gemeente yngrypt om de gaswinning te beheinen of foarkommen. Omdat dit direkt effekt hat op de winst fan Vermilion kin it bedriuw dit oanfjochtsje by arbiters dy't bûten de Nederlânske rjochtssteat stean.

ExxonMobil is, ûnder de flagge fan de NAM, aktyf yn ferskate gemeenten yn Drinte en Grinslân.

Vermilion is Kanadeesk en kin dêrom gebrûk meitsje fan it CETA-hannelsferdrach. ExxonMobil is in Amerikaansk bedriuw, dat fia in dochterûndernimming yn Kanada gebrûk meitsje kin fan it ferdrach.

Minsk, miljeu en demokrasy

"Nederland kan voorkomen dat CETA wordt ingevoerd en daarmee de nationale en lokale democratie beschermen", seit Freek Bersch, kampanjelieder by Miljeudefinsje. "Maar dan is het wel nodig dat we met name de PvdA, ChristenUnie en D66 oproepen om mens, milieu en democratie boven CETA moeten stellen."

Wenningmerk

Ek yn oare gemeenten en yn oare sektoaren kin it hannelsferdrach foar problemen soargje. Sa wurdt it foar gemeenten en provinsjes dreger om yn te gripen om de wenningmerk betelberder te meitsjen.

Yn bygelyks Amsterdam, Den Haag, Eschede en oare stêden binne Kanadeeske en Amerikaanske ynvestearders aktyf dy't gebrûk meitsje kinne fan it hannelsferdrach.

(advertinsje)
(advertinsje)