Sikehûs Drachten hat nije MRI- en CT-scanner: helte minder lang wachtsje

18 sep 2019 - 10:32

Nij Smellinghe hat twa nije MRI- en CT-scanners oanskaft. Dêrtroch binne de wachttiden by it Drachtster sikehûs halvearre. De nije scanners meitsje skerpere bylden en litte mear details sjen, wêrtroch't earder en spesifikere diagnoazes steld wurde kinne. De nije scanners ferbrûke ek 30 persint minder enerzjy. De âlde eksimplaren krije in twadde libben.

CT-scanner Nij Smellinghe Drachten - Foto: Erik van Rosmalen

"De nieuwe MRI laten veel meer details zien van pezen en gewrichten. Voorheen waren hele kleine afwijkingen soms niet zichtbaar en met de nieuwe scanner wel", fertelt radiolooch Marco Bergman. De scanners binne ek geskikt foar screening en previntive genêskunde, omdat se, yn kombinaasje mei in lege stralingdosis, al betiid lytse, kwea-aardige ôfwikingen waarnimme kinne.

Nij Smellinghe rint foarút op oare sikehuzen. Bergman: "We willen in de toekomst meer inzetten op vroegtijdige diagnose en preventieve zorg. Zo lopen we nu voor op de landelijke trend met betrekking tot de CT-perfusiescans van het brein." Dy binne no noch net standert yn oare sikehuzen.

(advertinsje)
(advertinsje)