Follybalsters mei Marrit Jasper ferlieze fan de Feriene Steaten

18 sep 2019 - 08:53

De Nederlânske follybalsters, mei Marrit Jasper fan Snits, binne tsjin harren earste ferlies op de World Cup yn Japan oanrûn. De Feriene Steaten wiene yn Hamamatsu yn trije sets te sterk foar de Oranjefroulju: 25-23, 25-18, 25-19. Jasper die yn de earste en tredde set mei as ynfaller.

Marrit Jasper yn aksje foar Oranje

Nederlân wie it prestizjeuze toernoai begûn mei trije oerwinningen, mei as útsjitter de 3-0 tsjin Brazilië, de nûmer fjouwer fan de wrâld.

Oranje stiet no sande op de wrâldranglist. Team USA is de nûmer trije fan de wrâld.

Tongersdei nimme de Nederlanners it op tsjin wrâldkampioen Servië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)