Kollum: "Tunnelfisy"

18 sep 2019 - 08:40

"Tegearre mei de foarich jier ferstoarne kollega Johan van der Zee, ha'k hûnderten telefyzjeprogramma's makke oer it eardere nasjonale telefyzjeprogramma Van Gewest tot Gewest. Dat wie te sjen tusken 1965 en 2004. Us programma's dêroer wurde yn werhelling noch hieltyd útstjoerd, it is sneons.

Foto: Omrop Fryslân

Van Gewest tot Gewest wie in programma dat makke waard yn Hilversum, troch minsken dy't yn Fryslân, Grinslân, Limboarch of hokker regio dan ek wennen. Je soene sizze kinne: regionale telefyzje út de Hilversumse filosofy wei. Dat betsjutte dat it gjin nijsûnderwerpen wiene, want dat moast dan yn it sjoernaal.

Op 10 juny 1965 wie der yn Van Gewest tot Gewest in reportaazje, dy hie eins yn it sjoernaal moatten. Johan van der Zee hat him ek net makke, hy kaam pas yn 1968 as Fryske redakteur by Van Gewest tot Gewest. We ha in pear jier lyn tegearre mei fernuvering nei dy reportaazje fan doe sjoen. In man fan Rykswettersteat hie in grutte kaart fan de Waadsee efter him hingjen en hy lei mei in oanwiisstôk út wat se dwaan woene. Twa dammen nei It Amelân. It gebiet der tusken yn ynpolderje en dêr ierpels ferbouwe. De toeristen koenen dan de iene kant It Amelân yn, in Nobeltsje helje en de oare kant der wer ôf.

It singeliere oan de reportaazje wie dat der net in ferslachjouwer wie dy't frege "is dit net in oantaasting fan it Waadgebiet". Sa't wy, de gewoane jonges fan de sjoernalistyk, dat letter dienen. Dêrmei trouwens ek as linkse jonkjes ôfskildere waarden troch de Fryske CDA'ers. Yn it genyp seine se dat hear, want de CDA'ers wiene doe nei bûten ta altyd tige foarkommend.

Rykswettersteat mocht foar de hiele nasjonale befolking sûnder wjerwurd útlizze hoe't dat wurde soe foar toeristen, foar It Amelân en de Biltske boeren, dy't de hiele Waadsee wol ynpolderje woenen. It stikem ek al diene. Dus Fryslân seach doe echt net op fan dy twa dammen.

De reportaazje yn Van Gewest tot Gewest op dy 10de juny 1965 waard sjoen troch de 16-jierrige Kees Wevers út Kortenhoef. Hy hie alris Waadrûn en tocht "dit moat net wêze". It tsjinlûd kaam fan him. Watte, op 17 oktober 1965 waard yn Holwert de Landelijke Vereniging tot Behoud van de Waddenzee oprjochte, yn de folksmûle de Waddenvereniging. Of spottend de Waadklub, want CDA'ers spuiden der raar guod fan.

Mar dy Waadferiening krige yn koarte tiid 10.000 leden en al wennen de measten dêrfan yn de Amsterdamske grêftegurdle, se hiene wol ynfloed. Koartsein, it twa-dammeplan waard al rille gau fuortsmiten. In iendamsplan kaam der ek net mear, want dêr hiene dy boeren neat oan. Dy moasten har yn de Lauwersmar mar rêde en ompiele yn it D-plan, foardat dat ek fuortreage waard.

De boaiem fan de Waadsee is ûngeduerich. Dus is it ferfier nei It Amelân aloan in probleem. De boat rint fêst. Mar It Amelân leit moai ticht by, gaadlik foar deitoerisme. Wat te dwaan? De provinsje Fryslân, de gemeenten Noardeast-Fryslân en It Amelân en Rykswettersteat sil mei in plan komme. En hup, der stienen se op in presintaasjegearkomste yn Dokkum wer mei har oanwiisstôk nei in no digitaal skerm te wizen: in tunnel.

It spyt my ta de teannen út dat ik dêr net wie. Wat hie ik de gesichten graach sjen wollen. No ja, it kin dy boeren fansels net folle skille, op in tunnel groeie gjin ierpels. Mar je sjogge hoe't de âlde tiden noch op deselde wize wurkje. Dat in VVD deputearre út it âlde loyaliteitsgefoel nei it CDA dan net seit "bek hâlde en opsoademiterje", nee se seit dat we der allegear noch mar ris goed nei sjen moatte.

Lokkich sit Hans Revier noch by de Waadferiening. Hy sei "as we net iens yn it Waad pisje meie, om't soks ynfloed hat op de boaiem, hoe soene je dan wol in tunnel oanlizze". Ik tink ek dat er gnyske hat. Want yn 1994 hie de Waadferiening al in yngreven diskusje oer "soene we net like fel wurde moatte as at we yn 1965 wiene". Dat waard doe neat. En no soe Rykswettersteat samar in grimmitige reaksje opsmite kinne. Mar it kin ek wêze dat it iene wurd fan Revier al foldwaande is: ûnsin."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)