Ljouwert bliuwt by Swarte Pyt by Sinteklaasyntocht

Dit jier sille der foar it earst allinnich mar 'roetveegpieten' ynsetten wurde by de lanlike Sinteklaasyntocht yn Apeldoorn en it 'Sinterklaasjournaal'. Dat melde Omroep NTR tiisdei. Dochs sille der yn Ljouwert dit jier noch Swarte Piten te sjen wêze.
Ljouwert bliuwt by Swarte Pyt by Sinteklaasyntocht
Der wurdt elts jier sjoen nei de lanlike yntocht. Dêr is no dúdlik wurden dat der gjin Swarte Piten ynsetten wurde sille. "Ik vind het zeer verrassend. Wij hadden er niet op gerekend dat de NTR zo ver zou doorslaan", seit Cees Anceaux, foarsitter fan de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert.
By de Ljouwerter yntocht wurdt foarearst neat feroare. "Het is niet zo dat wij heel eigenwijs willen zijn. We zijn alleen nog in gesprek met betrokkenen. Daar zullen we wel keuzes over maken, maar voor dit jaar zien we geen reden om direct de NTR te volgen."
Anceaux sjocht der gjin probleem yn dat de yntocht oeral oars wêze sil. "Wat is daar erg aan? Ik las dat het kinderen helemaal niet uitmaakt welke kleur een Piet heeft. Wij willen best aanpassingen doen op termijn, maar dat hoeft allemaal niet in de snelkookpan."
Cees Anceaux, foarsitter fan de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert
© Omrop Fryslân